Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale

Robert fan Bruce
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum july 1243
berteplak wierskynlik Writtle (Ingelân)
stjerdatum koart foàr 4 maart 1304
stjerplak Abdij fan Holm Cultram (Ingelân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Normandysk
Skotsk
Iersk
hear fan Annandale
amtsperioade 12921304
foargonger Robert V
opfolger Robert VII
greve fan Carrick
amtsperioade 12721292
foargonger Marjorie
opfolger Robert VII
kastelein fan it Kastiel fan Carlisle
amtsperioade 12951304
foargonger Robert V

Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, troch syn houlik greve fan Carrick (Ingelsk: Robert Bruce, Normandysk-Frânsk: Robert de Brus; wierskynlik yn Writtle (Ingelân), july 1243Abdij fan Holm Cultram (Ingelân), koart foàr 4 maart 1304), wie in Skotsk ealman fan Normandysk (en foar in diel Iersk) komôf. Hy besiet lân yn sawol Skotlân as Ingelân, en wie sadwaande by politike ûntwikkelings yn beide keninkriken belutsen. Hy wie de heit fan 'e Robert fan Bruce dy't yn 1306 kening fan Skotlân waard.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy